Mean Streets (ferhalebondel)

Mean Streets
algemiene gegevens
auteur ferskaat
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy
1e publikaasje 2009, New York
oarspr. útjwr. Roc Books
kodearring
ISBN 0 45 14 62 491

Mean Streets is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel. De titel betsjut (frij fertaald) "Gefaarlike Strjitten". It boek omfettet fjouwer koarte ferhalen (of novelles), dy't oer privee-detektives fan it urban fantasy-sjenre geane. Se binne spesjaal foar dizze bondel skreaun troch Jim Butcher, Simon R. Green, Kat Richardson en Thomas E. Sniegoski. Mean Streets waard yn 2009 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy